Skylgers slepe 'superjacht' fan Noardsee nei Harns

Noordgat hie sneintejûn in bysûndere sleep....
De sleeptsjinst fan rederij Noordgat fan Skylge hat sneintejûn in superjacht fan Gibraltar fan de Noardsee nei Harns sleept. It 60 meter lange superjacht mei de namme Solemar krige sa'n 30 kilometer boppe Flylân roerproblemen en koe net mear fierder. Noordgat sleept wol faker grutte skippen, mar dit superjacht wie dochs wol bysûnder foar de Skylgers.
It superjacht is yn 2003 boud troch skipswerf Amels yn Makkum en fart as lúkse sjarterjacht mei gasten.
It jacht wie earder fan in rike Rus, Michail Prokhorov. Dy ferkocht it jacht ferline jier. De fraachpriis fan it jacht wie doe 27 miljoen euro.