Mear minsken keapje molke by de molketaap fan de boer

Hieltiid mear konsuminten kieze der foar om de molke - lykas foarhinne - by de boer te keapjen. Ek op ferskate plakken yn Fryslân spylje boeren dêr op yn troch in molketaap foar de ferkeap fan rauwe boeremolke op it hiem te pleatsen. Ferline jier waarden 12,5 % mear molketaap-masines ferkocht as yn it jier dêrfoar en de ferkeap fan molke naam mei sa'n selde persintaazje ta.
Boeren pakke it wol hiel ferskillend oan. Guon boeren, lykas biologysk boerinne Jos Langhout fan Jelsum, ferkeapje allinnich mar molke.
Oaren meitsje der in lyts winkeltsje fan dêr't se ek oare saken lykas bygelyks fleis en tsiis ferkeapje. Boeren dy't molke op it hiem ferkeapje dogge soks net allinnich foar de fertsjinst, mar ek foar de PR. Sy fine it wichtich om oan de konsumint sjen te litten wat der op de pleats bart. Konsuminten hawwe ferskate redenen om molke by de boer te heljen. Der binne minsken dy't boeremolke sûner en lekkerder fine as molke út de supermerk. Ek binne der minsken dy't it wichtich fine om krekt te witen wêr't de molke weikomt.
Neffens saakkundigen giet it mei boere-molke wol om in 'niche-merk' foar leafhawwers. Ek by de measte boeren mei molke-taappunten giet 95 % fan de molke of mear gewoan nei it fabryk en oanslutend yn pakken of flessen nei de supermerk. Boeren moatte ek frijwat ynvestearje foardat se molke fan it hiem oan de konsumint ferkeapje kinne. In nije molketaap mei koelmasine en alles wat der fierder foar nedich is kostet samar sa'n 10.000 euro. Der moat dan ek aardich wat molke ferkocht wurde, foardat dat wer weromfertsjinne is.