Tuindorpskoalle Wolvegea wint Heite skaaktoernoai

12 feb 2017 - 22:48
De winners fan de Tuindorpskoalle yn Wolvegea

De Tuindorpskoalle yn Wolvegea is dit wykein kampioen wurden fan it Heite skoalskaaktoernoai. De wedstriden foar basisskoallen waarden hâlden op it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde. Der diene 36 teams, mei yn totaal 180 learlingen, mei oan it toernoai. De Striepe fan Aldeholtpea waard twadde en 't Holtpad fan Nijeholtpea pakte de tredde priis.

Mei dizze prestaasje hawwe se in plakje fertsjinne foar it Frysk skoalskaakkampioenskip, letter dizze maitiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)