Slauerhoffbrêge yn wrâldtop 10 wûnderbaarlike brêgen

Slauerhoffbrêge © Twitter, @politie_lwdn
De Slauerhoffbrêge yn Ljouwert is ien fan de tsien meast wûnderbaarlike beweechbere brêgen yn de wrâld. Dat skriuwt de webside MostToday.com. De brêge yn Ljouwert stiet yn de ranglist op nûmer twa, achter de Towerbridge yn Londen. De webside is foaral te sprekken oer it feit dat de brêge fan 15 by 15 meter iepenstean bliuwt yn in stân fan 90 graden.
De brêge waard yn it jier 2000 yn gebrûk naam en is ferneamd nei de Ljouwerter skriuwer en dichter J. Slauerhoff.