Toanielskriuwster Baukje de Jager krijt lintsje

© ANP
Frou Baukje de Jager-van Hijum hat sneontejûn yn Brantgum in keninklike ûnderskieding krigen. Se waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Frou De Jager is al jierren belutsen by it skriuwen en regissearjen fan iepenloftspullen en doarpsrevu's yn ferskate plakken yn Fryslân, bygelyks Foudgum, Waaksens en Brantgum. Teksten en ferskes skriuwt se altyd yn it Frysk. De ûnderskieding waard útrikt op de reüny yn it ramt fan 35 jier Stichting Iepenloftspul Brantgum.