Swimbad Blomketerp yn finansjeel swier waar

12 feb 2017 - 20:21

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer sit yn finansjeel min waar. It slagget it swimbad net om genôch jild by elkoar te krijen om needsaaklik ûnderhâld te dwaan. It bestjoer hat dêrom fan de gemeente al tastimming krigen om it werombeteljen fan de skuld tydlik stop te setten. Ek oare skulden hoege efkes net betelle te wurden. Dêrneist wurdt der meikoarten in sponsoraksje hâlden om de fertutearze trep fan de glydbaan op te knappen. Dêrfoar is 20.000 euro nedich en dat hat it swimbadbestjoer net.

Neffens Piter Bakker fan it bestjoer is it grutte probleem dat der net genôch Frjentsjerters gebrûk meitsje fan it swimbad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)