Rebûlje tusken Bergsma, Anema en Hekman nei massastart

12 feb 2017 - 20:03

Yn it Nederlânske team soe rebûlje ûntstien wêze nei de ôfslutende massastart op it WK ôfstannen yn Gangneung . Dat melde ferskate media, sa as Schaatsen.nl en AD.nl. Jorrit Bergsma en Gary Hekman slaggen der snein yn de massastart net yn om medaljes te pakken. Se soene inoar ferwite dat se net op tiid ûntsnapt binne oan it peloton.

Bergsma hie as earste in oanfal ynset, mar dy mislearre. Dêrnei wie it neffens him de beurt oan Hekman, mar dy kaam net nei foaren. 

Hekman tocht dat Bergsma it gat mei de koprinners tichtride soe.Hekman soe ek lilk wêze op Clafis-coach en trainer fan Bergsma, Jillert Anema. Neffens Hekman stie Anema te jubeljen doe't de manlju teloarstellend as fjirtjinde oer de finish kamen.

"Hij stond te juichen toen we over de finish kwamen en je gaat me niet vertellen dat je dat doet om een veertiende plaats. Dan ben je gewoon niet goed bij je paasei. Jillert haat mij, dat is onderhand wel duidelijk", sa fertelt Hekman op Schaatsen.nl. Neffens bûnscoach Geert Kuiper soe it om âld sear gean tusken Hekman en de maratonploech fan Anema.

(advertinsje)
(advertinsje)