LDODK ferliest fan KZ yn spannend duel

12 feb 2017 - 18:01
Foto: Omrop Fryslân

LDODK hat snein yn de kuorbal league mei twa puntsjes ferskil ferlern fan KZ. It waard 29-27 foar de ploech út Koog aan de Zaan. Al nei de earste helte stie LDODK achter mei 15-14. Yn de twadde helte kamen de Friezen sterk werom en wisten se út te rinnen nei 25-21. KZ joech lykwols gjin belies en wûn de wedstriid úteinliks mei 29-27.

Yn de haadklasse A hawwe de kuorballers fan SCO wûn fan Nic út Grins. Yn Wolvegea waard it 29-22 foar SCO.

(Advertinsje)
(Advertinsje)