Tieme Klompe: "Niet in paniek raken"

12 feb 2017 - 17:46

"We moeten vooral niet in paniek raken. Dat doen we immers nooit hier." Dat sei Tieme Klompe snein nei ôfrin fan de wedstriid Hearrenfean-AZ. Klompe ferfong haadtrainer Jurgen Streppel, omdat dy skorst wie. Hearrenfean pakte yn de lêste fjouwer kompetysjewedstriden mar ien punt en seach nei de 2-1 nederlaach tsjin AZ de Alkmaarders oer Hearrenfean hinne gean. "Ik moet zeggen dat het wel irritant is dat we wel goed spelen en niet scoren. Op basis van het laatste half uur hadden we vandaag misschien ook wel een puntje verdiend."

 

Skoaren is lêstich yn 2017

Skoaren is lêstich yn 2017

Hearrenfean hat nei de winterstop muoite mei skoaren. De iennige spiler dy't nei de winterstop skoard hat, is Reza Ghoochannejhad. Tsjin ADO Den Haach twa kear, tsjin PSV trije kear en no tsjin AZ ien kear. "Ja maar goed, dat zijn statistieken. Van de laatste zes wedstrijden, hebben we wel vijf wedstrijden goed gespeeld. Vandaag was dat minder. Maar ik zou me geen zorgen maken."

Skiedsrjochter Nijhuis liet folle tefolle ta

Hearrenfean-AZ waard in pittich duel. Benammen fysyk moast Hearrenfean it ôflizze tsjin AZ. Ferdediger Joost van Aken: "Zij speelden dat slim. Wij moeten de strijd vooral voetballend aangaan en dat deden we nu niet. We speelden echt niet goed, maar de scheidsrechter liet veel toe. Te veel." Ek Reza Ghoochannejhad wie kritysk: "Ik vind het mooi als de scheidsrechter veel toe laat, maar dit was te. Er waren drie of vier momenten in het strafschopgebied dubieus, waarbij eentje een honderd procent penalty was."

(Advertinsje)
(Advertinsje)