Fryske tsjotters lûke soad publyk yn Tasmanië

12 feb 2017 - 17:36

De Fryske tsjotters yn Tasmanië binne in grut sukses. Der komt in soad publyk op ôf, seit Jack van den Berg fan de Stichting Friese Tjottervloot. De tsjotters binne yn Australië omdat Tasmanië 375 jier lyn ûntdutsen waard troch Abel Tasman. Yn de haven fan Hobart kinne besikers fan it Australian Wooden Boat Festival trije fan de fjouwer oerbrochte tsjotters besjen. De fjirde tsjotter leit op in oar plak yn de haven. Dy kaam fol wetter te stean, omdat it hout krompen wie yn de karantêne-opslach yn Tasmanië.

Dat wie in tsjinslach, seit Van den Berg, mar doch is er posityf oer it festival en de ympakt fan de tsjotters. "De tjotters trekken veel bekijks", seit er. "Het is beregezellig om hier te staan. We hebben veel aanspraak, mensen willen alles weten over onze boten en de zijwaarden. We zijn echt een attractie." De stichting joech dit wykein in demonstraasje admiraalsilen.

Foar Van den Berg is it festival in moaie gelegenheid om Heech en omkriten te promoatsjen. "We komen hier heel veel Nederlanders en Friezen tegen. Mensen komen ons speciaal opzoeken omdat ze erover gelezen hebben, we hebben echt continu aanloop."

(Advertinsje)
(Advertinsje)