Wout Zijlstra falt krekt bûten poadium op NK atletyk

12 feb 2017 - 16:56
Foto: Erik van Leeuwen

Wout Zijlstra is op it Nederlânsk kampioenskip yndoar fjirde wurden by it kûgelstjitten. De Nederlânsk kampioen by de junioaren kaam foar it earst yn aksje by de senioaren en kaam krekt te koart foar in medalje. De 19-jierrige Zijlstra kaam ta in ôfstân fan 17,67 meter. Patrick Cronie wie de bêste mei 19,24 meter. Erik Cadée wie twadde mei 18,82 meter. Remco Goetheer bleau Zijlstra 48 sintimeter foar mei in ôfstân fan 18,15 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)