Gefoelich ferlies SC Hearrenfean tsjin AZ

12 feb 2017 - 16:28

Sportklup Hearrenfean is tsjin in pynlik ferlies tsjin konkurrint AZ oprûn. De klup út Alkmaar spile tûker en effisjinter en wûn dêrtroch mei 2-1 yn it Abe Lenstra Stadion. Troch it ferlies giet AZ oer Hearrenfean hinne en stiet de ploech fan Jurgen Streppel no sechsde.

AZ kaam op foarsprong troch in goal fan Muamer Tankovic. AZ counterde, wêrnei Tankovic út de rebound skoare koe. Yn de 57e minút makke Iliass Bel Hassani de 2-0. St. Juste kopte fuort, wêrnei Bel Hassani ynskeat. De bal like hâldber foar Hearrenfean-keeper Erwin Mulder.

Teanlingte te koart

Fia Reza Ghoochannejhad kaam Hearrenfean wol werom yn de wedstriid. Reza draaide yn de 79ste minút by syn tsjinstanner wei en skeat knap yn de lange hoeke de 2-1 binnen. Dyselde Reza krige noch in aardige kâns, mar kaam by in foarset fan Stefano Marzo in teanlingte te koart. Ek ynfaller Henk Veerman hie de lykmakker op de skoech, naam in lange pass moai oan, mar skeat neist.

Alles op alles

Hearrenfean sette yn de einfaze alles op alles. Jeremiah St. Juste kaam hurd yn, yn duel mei Mattias Johansson en dêrfoar krige St. Juste in reade kaart. Hy hie al in giele kaart, mar skiedsrjochter Nijhuis joech yn ien kear read.

Minne faze

Hearrenfean spile sloardich en de kânsen dy't se krigen makken se net ôf. It is hoe dan ek in minne faze dêr't Hearrenfean yn sit. Hearrenfean pakte út de lêste fjouwer wedstriden mar ien punt en waard yn de beker yn de kwartfinale útskeakele troch AZ. Foar de wedstriid fan folgjende wike binne Lucas Bijker en St. Juste skorst.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean AZ fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)