Sulveren medalje Rianne de Vries op 1000 meter

12 feb 2017 - 14:44
Foto: Martin de Jong

Rianne de Vries hat in sulveren medalje wûn op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Minsk, Wyt-Ruslân. De Vries behelle nei ferline wike yn Dresden har twadde medalje ea op de wrâldbeker. Ferline wike waard se twadde op de 1500 yn Dútslân. Lang lei se oan kop, mar yn de lêste ronde gong Yutong Han har dochs noch foarby. De Britse Gilmartin waard tredde.

It is foar De Vries har bêste seizoen oant no ta. Earder dit seizoen waard se al Europeesk kampioen op de 500 meter.

Suzanne Schulting hat troch it heljen fan de heale finale it einklassemint fan de wrâldbeker fan de 1000 meter wûn. Se wûn de kwartfinale en dat wie al genôch. Dêrom keas se derfoar om gjin risiko te nimmen en net mear te starten. Sneon foel Schulting hurd yn de boarding en rekke se blessearre oan har nekke. Omdat de Koreaanse Choi, nûmer ien yn it klassemint, net meidocht en alle oaren har net mear ynhelje kinne, is se troch it heljen fan de heale finale al wis fan winst yn it einklassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)