Schulting start net mear, wint wrâldbekerklassemint 1000 m

Suzanne Schulting komt snein net mear yn aksje yn Minsk. De shorttrackster is troch it heljen fan de heale finale al wis fan winst yn it einklassemint fan de 1000 meter op de wrâldbeker. Se nimt dêrom gjin risiko. Sneon foel Schulting hurd yn de boarding en rekke se blessearre oan har nekke. Omdat de Koreaanse Choi, nûmer ien yn it klassemint, net meidocht en alle oaren har net mear ynhelje kinne, is se troch it heljen fan de heale finale al wis fan winst yn it einklassemint.
Rianne de Vries fan Akkrum hat de finale helle van de 1000 meter. Se waard yn de heale finale twadde efter de Sinese Yutong Han en dat wie genôch foar in finaleplak.