Suzanne Schulting dochs wer op it iis en suksesfol

12 feb 2017 - 12:42
Foto: Martin de Jong

Suzanne Schulting stiet snein dochs wer op it iis. De shorttrackster foel sneon hurd yn de boarding en har nekke klapte dûbel. Ut ûndersyk yn it sikhehûs die bliken dat se neat brutsen of beskeadige hat. Nei in goede nacht, hat se besletten dochs wer mei te dwaan. Op de 1000 meter hat se al wer meidien. Se wûn har kwartfinale yn in swiere rit, wêryn't se ûnder oare Maltais en Gilmartin efter har hâldt.

Ek Rianne de Vries is troch nei de heale finale. Se waard tredde, mar mocht as tiidfluchste dochs troch.

Daan Breeuwsma is op de 500 meter útskeakele yn de kwartfinale. Hy einige as tredde. Op de 1000 meter gong allinnich Mark Prinsen troch. De Friezen Dennis Visser (3e) en Ithzak de Laat (penalty) binne útskeakele yn de kwartfinale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)