Sven Kramer: "It wie in moai WK"

12 feb 2017 - 12:35

Sven Kramer sjocht werom op in moai WK yn Súd-Koreä mei twa gouden medaljes op de 5 en 10 kilometer en in brûnzen medalje op de 1500 meter. "As ik ryd, dan ryd ik fansels foar de winst, mar Juskov en Kjeld rieden safolle hurder. Mar nei sa'n wykein mei in goede 5 en in goede 10, dan bin ik net ûntefreden. Fansels wolle jesels altyd mear, mar it is prima foar hjoed."

Fjochtsje op it iis

Sven Kramer seach hoe't ploechgenoat Kjeld Nuis him yn de rit tsjin Juskov op it tredde plak sette. Juskov wie goed foar in twadde plak. "Fansels wolle je alle twa de rit winne, mar we hawwe in soad oan inoar. We helpe inoar ek op in heger nivo te kommen. Kjeld en ik fjochtsje de striid op it iis út, want je kinne net it hiele jier de konkurrinsje fiele as ploechgenoaten."

(advertinsje)
(advertinsje)