Kjeld Nuis wint 1500 meter, Kramer pakt brûns

Kjeld Nuis hat syn dûbeldslach te pakken op de WK ôfstannen yn Gangneung. Nei de winst op de 1000 meter wie Nuis ek de sterkste op de 1500 meter. Yn syn rit tsjin trijefâldich wrâldkampioen Denis Yuskov ried er 1.44.36. Yuskov kaam út op 1.44.67. Sven Kramer koe nei it goud op de twa langste ôfstannen net foar de grutste stunt soargje, maar kaam wol op it poadium. Mei 1.45.50 pakte er it brûns. Nei 19 gouden en 2 sulveren wie dit syn earste brûnzen medalje.