Marrit Leenstra: "Ik kin better, mar haw it net sjen litten"

12 feb 2017 - 11:19
Foto: ANP

"Ik bin leaver fjirde as fyfde", dat seit in teloarstelde Marrit Leenstra as de poadiumplakken fan de 1500 meter bekend wurden binne. Heather Bergsma goud, Ireen Wüst sulver en it brûns is foar de Japanse Miho Takagi. "Ik haw gewoan it gefoel dat ik it better kin, mar dat haw ik net sjen litten. Ik haw ek echt it idee dat it der wol yn sit. Ik bin dit jier better wurden en ik fiel my sterk. Ik haw wol it idee dat ik op de goede wei sit."

Teloarstelling by Wüst

Ireen Wüst is ek teloarsteld. "Ik kom hier voor goud en dat heb ik verloren. Maar natuurlijk is dat topsport en dat hoort erbij." Wüst ried yn de lêste rit tsjin Heather Bergsma. "Toen ik de loting kreeg gisteravond, dacht ik wel even: shit," jout Wüst ta. "Van alle tegenstanders was dit de meest lastige en dan ook nog binnenbaan. Daar had ik wel even tijd voor nodig om een goed raceplan te maken. Dat plan liep eigenlijk perfect, maar Heather reed gewoon een fantastische rit. Het was net even wat mooier geweest als ik drie keer goud had gereden, maar ik weet dat ik op de goede weg ben voor volgend jaar."

(advertinsje)
(advertinsje)