Heather Bergsma pakt ek goud op 1500, Wüst twadde

12 feb 2017 - 10:48

Heather Bergsma hat nei it goud op de 1000 meter ek de 1500 meter wûn op de WK ôfstannen. Yn Súd-Koreä fersloech se yn in prachtige lêste rit Ireen Wüst. De winnende tiid fan Bergsma 1.54.08, Ireen Wüst kaam yn 1.54.19 oer de streeek. It brûns wie foar de Japanse Miho Takagi yn 1.55.12. Marrit Leenstra waard krekt as op de 1000 meter fjirde. Har tiid 1.55.85. Jorien ter Mors, Olympysk kampioen en kampioen fan 2016, waard fiifde yn 1.56.18.

(advertinsje)
(advertinsje)