17-jierrige krijt proses-ferbaal foar identiteitsfraude
In 17-jierrige ynwenner fan de gemeente Ljouwert hat in proses-ferbaal krigen foar identiteitsfraude. De persoan besocht sneontenacht op it Ruterskertier yn Ljouwert in hoarekagelegenheid yn te kommen mei it rydbewiis fan in freon. De portier hie dat lykwols yn 'e gaten en skeakele de plysje yn.