Jonge frou nimt xtc en rekket út 'e tiid
In 22-jierrige ynwenster fan Ljouwert is sneontenacht yn sikehûs MCL bedarre, nei't se net goed wurden wie. Op it Ruterskertier yn Ljouwert rekke se út 'e tiid. De plysje meldt dat de frou XTC ynnaam hie. It is net bekend hoe't it no mei de frou is.