20-jierrige frou rydt 64 kilometer te hurd oer Wâldwei

12 feb 2017 - 07:43
Kilometerteller - Foto: ANP

De plysje hat sneontejûn it rydbewiis ynnaam fan in 20-jierrige frou út Ljouwert. Sy ried 64 kilometer te hurd op de Wâldwei. De frou siet yn 'e auto rjochting Drachten wylst de plysje in snelheidskontrôle útfierde. In plysje-auto folge har om har oanhâlde te kinnen. De frou hie seis moannen lyn har rydbewiis helle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)