Stroetinga en Van de Merwe pakke winst yn Den Haag

Arjan Stroetinga hat sneontejûn yn Den Haag de tolfde wedstriid yn de KPN Maraton Cup wûn. De maratonrider fan Wynjewâld kaam krekt wat earder oer de finish as Robert Post en Ingmar Berga. Foar Stroetinga wie it de twadde oerwinning fan dit seizoen.
By de froulju gong de winst ferrassend en foar de earste kear nei Margo van de Merwe fan Wolvegea. Allinnich mei help fan in finishfoto koe it minime ferskil mei de nûmer twa Iris van der Stelt fêststeld wurde. Merel Bosma waard tredde.