Yn de takomst glêde diken struie mei sop út gers?

11 feb 2017 - 21:21

Glêde diken net struie mei sâlt, mar mei sop út gers. Gers dat simmers meand is yn de berm. It klinkt hast te moai om wier te wêzen, mar Fries om utens Hillebrand Breuker tinkt dat it yn de takomst samar sa wêze kin. 

By glêde diken struie we no manmachtich mei sâlt. Sâlt soarget derfoar dat wetter net sa gau befriest, wêrtroch it dus minder gau glêd wurdt. Mar sâlt is min foar it miljeu. It sâlt dat we dizze winter struie is pas fan 'e hjerst út it oerflaktewetter ferdwûn.

"Hjir sit wat yn!"

Breuker wurket by de provinsje Noard-Hollân en wie dêr earder projektlieder foar it ûnderhâld fan de diken. In pear jier lyn liet de provinsje wat gers út de berm parse, omdat se benijd wienen nei de mooglikheden fan gersfezels. Hjir kin bygelyks papier of isolaasjefezels fan makke wurde. Breuker: "It sop dat oerbleau moast ik efkes priuwe en wat bliek, it wie hiel sâlt. Glêdensbestriding dogge wy ek, dus doe tocht ik: Hjir sit wat yn!".

Lytse skaal

It gerssop is net sâlt genôch om sa te brûken. It doel is om it as basis te brûken, der sille stoffen oan tafoege wurde moatte. Boppedat is it sop te soer om sa yn de natuer te brûken. Der moat dus noch it nedige ûndersocht wurde. Dêrom wie Breuker dizze wike yn Ljouwert, om te sjen oft by Wetsus de miljeu-effekten yn kaart brocht wurde kinne. Hy hopet takom winter op lytse skaal útein te setten mei it brûken fan gerssop as glêdensbestriding.

Hillebrand Breuker fertelt oer syn útfining yn Buro de Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)