FOTO: Boot Holland noch wer grutter as oare jierren

11 feb 2017 - 20:40

Leafhawwers fan de wettersport kinne dizze dagen wer harren hert ophelje op Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert. De 27e edysje fan de wettersportbeurs is noch wer grutter as foargeande jierren, mei mear as 250 dielnimmers ferdield oer fiif hallen. Boppedat binne der goed 50 primeurs te sjen op it gebiet fan motorboaten, syljachten, lúkse skippen en alles wat dêr fierders mei te krijen hat. Olympysk sylkampioene Marit Bouwmeester fan Warten joech sneon in presintaasje op de beurs.

Fotograaf Joris Kalma makke dizze fotoreportaazje fan Boot Holland. De wettersportbeurs duorret noch oant en mei woansdei 15 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)