Tastân Schulting falt ta, WK liket net yn gefaar

11 feb 2017 - 18:37
Foto: schaatsen.nl

Suzanne Schulting is wer út it sikehûs wei en werom yn har hotelkeamer. De shorttrackster foel sneon hurd yn de finale by de wrâldbekerwedstriden yn Minsk. Se waard mei in brankaar fan it iis helle en nei it sikehûs brocht. Se ha röntgenfoto's makke en sjoen oft der wat mis wie mei har organen, mar se koene neat fine.

Schulting: "Ik schrok echt enorm en zag het WK al aan mijn neus voorbij gaan. Maar het lijkt mee te vallen. Ik heb veel pijnstillers gekregen en heb nu nauwelijks pijn, maar ik ben benieuwd hoe het morgen is. Ik wil eigenlijk wel rijden."

It ûngemak seach der aaklik út. Schulting foel troch de Sinese Han en kaam yn de boarding telâne, wêrnei't har nekke dûbeld klapte. "Ik heb het zelf net terug gezien en schrok er wel van. Het ziet er inderdaad heftig uit. Maar ik was vooral blij dat ik eindelijk van die houten plank af kon. En dat WK (10-12 maart yn Rotterdam, red.), daar ben ik gewoon bij hoor."

(Advertinsje)
(Advertinsje)