Meldkeamer yn Drachten docht mei oan Europeeske 112-dei

11 feb 2017 - 16:51
Foto: Plysje

De meldkeamer yn Drachten fan de plysje Noard-Nederlân is sneon spesjaal berikber yn it ramt fan de Europeeske 112-dei. Om de bekendheid fan it nûmer te fergrutsjen binne der op 11 febrewaris (11-2) yn hiel Europa aksjes. It alarmnûmer is foar alle Europeeske lidsteaten itselde. Minsken dy't fragen ha oer de wurking fan 112 en de kommunikaasje mei de helptsjinsten yn Noard-Nederlân kinne noch oant 18.00 oere belje mei de meldkeamer yn Drachten. Ek kinne der fragen steld wurde fia Twitter @meldkamerNN en Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)