Foarsitter De Oeletoeters krijt ûnderskieding

11 feb 2017 - 16:31

Foarsitter Eddy Mensink fan de Snitser karnavalsferiening De Oeletoeters hat in ûnderskieding krigen foar syn jierrenlange ynset. It bestjoer fan de oerkoepeljende karnavalsferiening út Limboarch kende Mensink de ûnderskieding ta.

Sneon waard it 44-jierrich bestean fan De Oeletoeters fierd: 4 kear 11 op 11 febrewaris. Dat is belangryk en hiel lang foar in feriening fan boppe de rivieren. Foar de fiering binne 35 karnavalsferieningen út it hiele lân yn Snits. It feest giet de hiele jûn noch troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)