Sjinkie Knegt twadde op 1000 meter; ôflossing nei finale

Sjinkie Knegt © www.fotopersburomartindejong.nl
Sjinkie Knegt is twadde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn Minsk op de 1000 meter. Hy einige efter de Súd-Koreaan Hwang Dae Heon. Knegt lei lang foarop, waard twa rûntsjes foar de finish ynhelle, mar koe Hwang krekt net mear efterhelje. In fotofinish moast dúdlik meitsje wa't der wûn hie, mar de shorttrackers sels hiene it fuort wol troch. Nurbergen Zhumagaziyev út Kazachstan waard tredde.
Yn de B-finale wûn Dylan Hoogerwerf. Daan Breeuwsma fan Akkrum kaam lilk oer de finish as twadde yn de B-finale.
It Nederlânske ôflossingsteam hat him pleatst foar de finale. Bûnscoach Jeroen Otter liet Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Dylan Hoogerwerf ride. Hoogerwerf foel hast nei ûngefear in kwart fan de race, mar Nederlân helle de oaren dochs wer by en einige foar Sina, België en Frankryk. Moarn nimt Nederlân it op tsjin Ruslân, Kazachstan en Sina yn de finale. Nederlân giet oan de lieding yn it wrâldbekerklassemint en kin no allinnich noch ynhelle wurde troch Sina.
Lang net alle toppers binne yn Wyt-Ruslân. Lannen as Súd-Koreä en Sina jouwe de foarkar oan de Aziatyske Spelen, wylst de bêste Kanadezen thúsbliuwe en Hongarije sels hielendal net meidocht om harren ta te rieden op it WK yn Rotterdam.