"Winskambulânse moat bekender wurde"

11 feb 2017 - 15:28
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Stichting Wensambulance Noord-Nederland bestiet sneon eksakt acht jier. De stichting hat yn dy jierren hûnderten lêste winsken ferfolle, fan minsken dy't sa siik wienen dat se net mear better wurde koenen. Dat hienen der noch wol mear wêze kind, seit ien fan de frijwilligers, mar in protte minsken witte noch hieltyd net dat de stichting bestiet. It bestjoer wol dat feroarje troch Facebook en Twitter mear te brûken.

Lytse winsken, grut ferskil

"We horen nog te vaak dat mensen ons niet kennen", seit Jolanda de Jong fan de winskambulânse. "Dat ze achteraf zeggen: Als we dat geweten hadden, dan had mijn moeder nog naar de bruiloft gekund." It binne faak gjin hiele grutte winsken dy't de frijwilligers fan de winskambulânse ferfolle, mar it kin in hiel ferskil wêze foar de minsken dy't it oanbelanget.

"Mensen willen nog één keer naar zee. Of soms naar een crematie. We hadden deze week een wens van een meneer uit het hospice in Leeuwarden. Zijn zoon was verhuisd naar Arnhem en hij wilde het appartement graag zien. Met de taxi was dat onverantwoord geweest. We hebben hem van Leeuwarden naar Arnhem gebracht en onderweg zelfs nog even koffie gedronken. Met een gevulde koek. Voor hem was het een dagje uit." De Stichting Wensambulance Noord-Nederland is aktyf yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)