Sven Kramer wint heroyske 10 kilometer fan Jorrit Bergsma

11 feb 2017 - 14:31

Sven Kramer hat opnij taslein op de WK ôfstannen yn Súd-Koreä. Mei in machtige 12.38.89, in persoanlik en nasjonaal rekôr, yn de fiifde rit sette hy de winnende tiid op de 10 km del. Jorrit Bergsma kaam yn de sechsde en lêste rit wol yn de buert, mar syn 12.43.96 (ek in pr) smiet net mear as sulver op. Foar Bergsma gong it yn de lêste twa rûntsjes mis. It brûns wie foar Patrick Beckert yn 12.52.76. Ted-Jan Bloemen waard fjirde yn 12.54.63.

Foar Sven Kramer wie it syn fiifde goud op de 10 km en syn 19e gouden medalje op de WK ôfstannen.

(advertinsje)
(advertinsje)