Gemeenten moatte kennis diele by fergunningen gaswinning

11 feb 2017 - 12:52

Lang net alle Fryske gemeenten hawwe genôch spesjalistyske kunde oer gasboarringen. Dat is in probleem, omdat gemeenten, neist wetterskippen en provinsjes, oanfragen beoardiele moatte fan bedriuwen dy't nei gas boarje wolle. Dat stiet yn de nije mynbouwet. Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert, dy't binnen de Feriening Fryske Gemeenten ferantwurdlik is foar gasboarringen, wol dat amtners fan gemeenten dy't ûnderfining ha mei gasboarringen oare gemeenten helpe.

Sûnt it tichtdraaien fan de gaskraan yn Grinslân wolle gaswinbedriuwen lykas Vermillion nei lytsere gasfjilden boarje. Faak lizze dy fjilden yn gemeenten dy't noch net earder te krijen hân ha mei gasboarrings. 

Kennis diele

"Bepaalde gemeenten zoals Dongeradeel, Leeuwarden, Súdwest-Fryslân of bijvoorbeeld Harlingen hebben al ervaring met gas- en zoutwinning. Ik zou heel graag willen dat ambtenaren die gespecialiseerd zijn in zoutwinning en gasboringen, andere gemeenten van dienst kunnen zijn. Het zou goed zijn om een pool van zaakkundige ambtenaren te vormen, waar andere gemeenten ook gebruik van kunnen maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)