Heather Bergsma pakt goud op de 1000 meter op WK

Heather Bergsma hat foar de earste kear yn har karriêre de 1000 meter wûn op de WK ôfstannen. Yn Súd-Koreä ried de frou fan Jorrit Bergsma en ynwenster fan Aldeboarn 1.13.94. Nao Kodaira, de kampioen op de 500 meter, waard twadde yn 1.14.43. Jorien ter Mors, de kampioen fan 2016, waard tredde yn 1.14.66. Marrit Leenstra stie krekt njonken it poadium, se waard fjirde yn 1.15.06.
Heather Bergsma wûn earder twa kear sulver en ien kear brûns op de 1000 meter.