Kjeld Nuis wint goud op de 1000 meter, Verbij brûns

11 feb 2017 - 11:18
Kjeld Nuis - Foto: awfoto.nl

Kjeld Nuis hat lang om let syn gouden medalje op de WK ôfstannen te pakken. Nei twa kear sulver en twa kear brûns op de 1000 meter, waard it no yn Súd-Koreä goud. Nuis wûn yn in prachtige rit fan Kai Verbij: 1.08.26 om 1.08.78. De tiid fan Verbij wie goed foar it brûns, omdat de Kanadees Vincent De Haitre him mei 1.08.54 tusken de twa Nederlanners ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)