Gjin protestaksjes oanmeld foar Sint Piteryntocht Grou

11 feb 2017 - 10:25

By de yntocht fan Sint Piter sneontemoarn yn Grou wurdt dit jier net demonstrearre. De groep dy't ferline jier mei sa'n 25 demonstranten nei it doarp ta kaam om te protestearjen tsjin Swarte Pyt hat him dit jier net opnij melden by de gemeente. Ta grutte blydskip fan it Sint Piterkomitee, want dy siet net te wachtsjen op de lûdroftige groep. En dus kinne se harren wer gewoan konsintrearje op eigen doelen, sa as it belûken fan nije Grousters by de Sint Pitertradysje. 

Neffens Peter van den Broek fan de organisaasje is der noch altyd genôch entûsjasme foar it feest. "We hebben onlangs al een sneak preview gegeven van het sprookje 'Heksen' van kinderboekenschrijver Roald Dahl dat dit jaar wordt verteld. Daar kwamen zo'n tachtig belangstellenden op af en dan blijkt wel hoe diep het zit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)