Bobslider Jeroen Piek wurdt remmer by team Ivo de Bruin

11 feb 2017 - 08:54
Jeroen Piek - Foto: ANP

It is bobslider Jeroen Piek fan It Hearrenfean slagge om in sit te bemachtigjen yn it bobslydteam fan stjoerman Ivo de Bruin. Hy nimt Piek mei as remmer yn de slide. Tusken 2010 en 2014 wie Piek al in fêste krêft yn it team fan Edwin van Calker. Om't it sportbûn NOC*NSF de stekker út it bobslydzjen helle hat, sette Piek in crowdfundingsakskje op, om sa de kosten fan 7000 euro betelje te kinnen foar de Olympyske Winterspelen fan 2018 yn Pyeongchang.

Dêrfoar moat it team him al earst kwalifisearje by de wrâldkampioenskippen yn it Dútske Köningssee oer twa wiken. De Bruin hopet dit jier it perfekte team gear te stallen.

Depresje

It is in flinke opstekker foar de 26-jierrige Piek. De lêste jierren hie er nei swiere tsjinslaggen lêst fan in slimme depresje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)