Brânwacht rydt út foar brân yn Warkum en op De Jouwer

11 feb 2017 - 08:35

Yn in gebou oan de Marienacker yn Warkum hat in brân yn de meterkast freedtenacht foar in protte reek soarge. De brânwacht hie de boel gau ûnder kontrôle. Ambulânsepersoniel hat ien persoan ûndersocht fanwegen it ynazemjen fan reek, mar dyjinge hoegde net nei it sikehûs.

De brânwacht ried ek út foar in kachelbrân yn it wengedielte fan in buorkerij oan de Vegelingswei op 'e Jouwer. Se moasten sloopwurksumheden ferrjochtsje om goed by it sintrum fan de brân te kommen.

Dy bliek efter de kachel te sitten, dêr't houtwurk yn 'e brân rekke wie. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Der rekke nimmen ferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)