Martijn Barto: ''We hebben een hele hoop kansen gehad''

10 feb 2017 - 23:05

In teloarstellend 1-1 lykspul freedtejûn yn Ljouwert fan SC Cambuur tsjin Fortuna Sittard. In 1-1 dy't foar de Ljouwerters yn alle gefallen fielt as in ferliespartij. Sa fynt ek oanfierder Martijn Barto: "Ik denk dat we een hele hoop kansen hebben gehad, en als je dan toch met 1-1 het veld afstapt dan is dat jammer."

Definsyf spul fan Fortuna

Fortuna Sittard hie de ferdedigende stellingen freedtejûn goed stean yn Ljouwert. Cambuur hie it dreech om dêrmei om te gean, wylst se hieltyd faker tsjin 'parkearde bussen' spylje, dat sjocht ek Barto: "We lopen er al langere tijd tegenaan, en de ene keer lukt het ons goed om er onderuit te voetballen en de andere keer hebben we daar meer moeite mee. We moeten onszelf afvragen of dat door ons komt of door de tegenstander."

It spyljen tsjin defensive teams freget fan de oanfallende klup dat se krekt binne yn harren spul. En krekt dêr rûn it freedtejûn net echt lekker. "Het moet ontzettend precies. En soms denk je dat de oplossing makkelijker te vinden is, dan dat die daadwerkelijk is." sa seit Barto.

Hulshoff: ''teloarstellend''

''Dit resultaat is foar ús hiel teloarstellend'', sa sei trainer Sipke Hulshoff freedtejûn. ''Wy hawwe der alles oan dien, mar it is helaas net slagge.'' Tsjinstanner Fortuna Sittard sette neffens Hulshoff alles op de ferdigening. ‘’De nije realiteit is dat de ploech hjir komt om net te ferliezen. Se gean hiel definsyf spyljen en dat is wol wat wêr´t we wat op betinke moatte.''

Dochs moat Cambuur fêsthâlde oan syn spulsysteem. ''Wy moatte no net fuortendaliks ús systeem feroarje, der binne we mei oan de slach en dêr hâlde wy oan fêst.''

Almere City FC

Takom wike mei Cambuur it yn in útwedstriid opnimme tsjin Almere City FC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)