Melkfeehâlders kinne subsydzje krije by beëinigjen bedriuw

10 feb 2017 - 22:34
Foto: Omrop Fryslân, Suzanne van Zwam

Melkfeehâlders dy't ophâlde wolle mei harren bedriuw, krije fan de regearing de kâns om dat ûnder betingsten mei subsydzje te dwaan. De subsydzjeregeling 'Bedrijfsbeëindiging Melkveehouderij' is freed offisjeel yn de Staatscourant publisearre. Dizze regeling is ûnderdiel fan in grutter pakket maatregels fan steatssekretaris Martijn van Dam om de fosfaatproduksje fan de melkfeehâlderij nei ûnderen te krijen, en de derogaasje foar Nederlân te behâlden.

Ynskriuwe

Boeren kinne harren op meardere mominten ynskriuwe foar it plan. It bedrach dat se foar in ko krije sil lykwols by elke yntekenperioade leger wurde. De earste yntekenperioade is fan moandei 20 jannewaris oant freed 3 maart. Foar dizze perioade is 12 miljoen euro subsydzje beskikber. Sadree't dit bedrach berikt is sil de yntekenperioade earder stopset wurde.

Bedragen

It bedrach per ko is foar de earste perioade fêststeld op 1200 euro. Foar in keal wurdt 23 prosint fan dat bedrach betelle (276 euro) en foar in pink 53 prosint (636 euro). De data en bedragen foar de folgjende perioaden wurde letter troch it ministearje fan Ekonomyske Saken bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)