Punt foar Cambuur yn thúsduel tsjin Fortuna Sittard

10 feb 2017 - 21:52

SC Cambuur hat freedtejûn yn eigen hûs mei 1-1 lyk spile tsjin Fortuna Sittard. Yn de tweintichste minút kaam de ploech fan trainer Sipke Hulshoff op efterstân troch in goal fan Stokkers. Oan de ein fan de earste helte hie Tissoudali in kâns om lyk te meitsjen, mar de keeper fan Fortuna stie yn it paad. Nei rêst makke Cambuur der dochs 1-1 fan troch in goal fan Martijn Barto, dy't in lange bal nei twa kear yn it lege net sjitte koe.

Cambuur hie hjirnei kânsen genôch om op foarsprong te kommen, mar it slagge net in goal te meitsjen. Takom wike spilet Cambuur in útwedstriid tsjin Almere City FC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)