Earste tûzen euro foar skieppehoeder Westra is binnen

10 feb 2017 - 21:19

De crowdfundingaksje foar de Ljouwerter skieppehoeder Sam Westra rint goed. De aksje mei in hope bedrach fan 10.000 euro is noch mar krekt los, mar de earste tûzen euro is al binnen. Dat is mar goed ek, want Westra hat sûnt 1 febrewaris gjin ynkommen mear en ek gjin jild om syn skiep te fuorjen.

Westra wûn koartlyn in koart pleit tsjin it beslút fan de gemeente Ljouwert om net mei him fierder te gean. Westra hie dat koart pleit oanspand, neidat hy de oanbestegingsproseduere by de gemeente ferlern hie. Omdat Westra en syn skiep ek troch de tiid moatte, is it aksjekomitee tongersdei úteinset mei de crowdfundingsaksje. It aksjekomitee rekkenet der op dat de gemeente nei de útspraak fan de rjochter op koarte termyn mei in oplossing komt foar Westra en syn skiep. 

Oerwaging lanlike aksje

As dy oplossing der net komt, oerwaget it aksjekomitee sels in noch folle gruttere, lanlike crowdfundingsaksje foar Westra, mar wurdfierder Ben van Remmerden hopet dat dat net nedich wêze sil. "De gemeente Leeuwarden heeft al imagoverlies door deze kwestie. Verschillende partijen in de gemeenteraad willen een redelijke oplossing voor Sam en zijn schapen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)