Brânwacht rydt út foar souderbrân yn Bakkefean

10 feb 2017 - 20:45
Foto: Srfotografie

De brânwacht is freedtejûn útriden foar in souderbrân oan de Jarig van der Wielen Wei yn Bakkefean. De korpsen fan Assen en Norg wienen manmachtich útriden. Om't it gie om in wenpleats yn it bûtengebiet en bluswetter dreech foar hannen wie, hat de brânwacht de brân opskaald. Al gau wie it fjoer ûnder kontrôle. By de brân kaam wol in soad reek frij. Benammen de boppeferdjipping hat in soad reek- en wetterskea oprûn. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.

Trefwurden: 
brân Bakkefean brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)