Fryske bedriuwen sette harren yn foar mobiliteitswedstriid

© ANP
It sil tusken 27 maart en 21 april in stikje drokker wurde op de fytspaden en yn it iepenbier ferfier yn ús provinsje. Ferskate Fryske bedriuwen en ynstellingen dogge yn dy tiid nammentlik mei oan de Low Car Diet mobiliteitswedstriid. Under oare de Gemeente Ljouwert en Wetterskip Fryslân roppe harren meiwurkers op om yn dizze wiken harren útstjit fan CO2 werom te bringen.
Dit betsjut dus ek de benzine- of diselauto op it hiem stean litte en op in oare wize nei it wurk te kommen. It Low Car Diet is in opmaat nei twa fossylfrije mobiliteitswiken yn july 2018 by Kulturele Haadstêd Ljouwert.
Duorsumer reizgje
Sûnt de start fan it Low Car Diet yn 2012 hawwe al mear as 5000 minsken meidien oan de aksje. Ut ûndersyk hat bliken dien dat twa jier nei ôfrin fan de wedstriid dielnimmers noch hieltyd duorsumer reizgje. Sa soe hast in kwart minder mei de auto reizgje, en seit in tredde part fan de minsken faker de trein te pakken.