Reedrydster Thijsje Oenema: ''Doar net fier nei te tinken''

10 feb 2017 - 17:55

Reedrydster Thijsje Oenema wol noch net te bot neitinke oer de takomst en har reedrydkarriêre. Dat sei se freedtejûn yn it tv-programma Fryslân Hjoed. "Myn doel is echt gewoan per wike sjen wat ik kin, en gewoan fit wurde en wer normaal funksjonearje kinne." Oenema krige in jier lyn te hearren dat se in ûngenêslike melanoomkanker hat.

Posityf

De lêste berjochten oer har sykte binne lykwols posityf: de lêste scans wiene goed, en de kanker is net mear yn har lichem te sjen. Se is no benammen dwaande mei it better wurden fan de behannelingen dy't se ûndergien hat. 

''Net te fier neitinke''

Dit soarget der ek foar dat se net al te folle stil stean wol by plannen op de lange termyn. "Ik doar net fier nei te tinken, want it is no al in jier dat it goed giet." sa seit se. "Mar do witst net hoe't it komt, en lange termyn doelen meitsje my net safolle út. Wy geane gewoan sjen wat wy kinne, en wat dêryn mooglik is wit ik net, dêr lit ik my yn ferrasse." 

Se wol bygelyks per dei sjen oft bygelyks in training op it iis mooglik is, en dêryn sa goed as mooglik nei har lichem lústerje. 

Sjoch hjirre hiele útstjoering fan Fryslân Hjoed mei Thijsje werom: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-hjoed-fan-10-febrewaris-2...

(advertinsje)
(advertinsje)