Trijehûndert hurdriders bekeurd op de Snitserdyk

10 feb 2017 - 15:32

De plysje hat de ôfrûne twa moannen op de provinsjale dyk tusken Snits en de A32 goed trijehûndert minsken bekeurd, omdat se te hurd rieden. De plysje die de kontrôles op inisjatyf fan de provinsje. Dy hat feilichheidsmaatregels naam op de Snitserdyk, neidat dêr ferline jier tweintich ûngelokken barden.

De plysje kontrolearre foaral by Tsienzerbuorren en de ôfslach nei Raerd. Dêr barre de measte ûngelokken. Der komme mear kontrôles. De provinsje nimt dit jier mear maatregels om de Snitserdyk feiliger te meitsjen.

Trefwurden: 
plysje Snits kontrôles dyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)