Ferskate groepen yn aksje tsjin gaswinning by Ternaard

10 feb 2017 - 15:04
Foto: ANP

Ferskate groepen sille mei-inoar aksjefiere tsjin de plannen fan NAM en Shell om fan Ternaard út gas te winnen yn de Waadsee. It giet om de Waadferiening, de wurkgroep 'Laat Friesland Niet Zakken', doarpsbelang Ternaard en de groep 'Fêste Grûn Dongeradiel'. Ek oare groepearringen en guon politike partijen ha sein dat se aksjefiere wolle tsjin de gaswinning.

'Laat Friesland Niet Zakken' hat in enkête dien ûnder ynwenners fan it gebiet om har te freegjen wat se fine fan de plannen fan de NAM. De útkomsten fan de enkête binne oanlieding om mei aksje te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)