Boarterstún Spijkerdorp yn Drachten stelt smookferbod yn

10 feb 2017 - 15:01
Foto: Google Streetview

Der komt in smookferbod op it terrein fan it Spijkerdorp yn Drachten. Spijkerdorp is in boarterstún dêr't bern sels houten hutten yn elkoar timmerje kinne. Der binne altiten bern drok dwaande en dat is goed foar har sûnens, seit it bestjoer. Dat hat besletten dat dizze 'nije generaasje' ek sûn bliuwe moat en dêrom komt der in smookferbod.

Der komt in boerd op it terrein te stean dat dat dúdlik makket. It is de earste boarterstún yn Drachten en omjouwing dy't dizze maatregel nimt, seit it bestjoer fan Spijkerdorp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)