Sint Franciscustsjerke Boalsert wurdt basilyk

De Sint Franciscustsjerke yn Boalsert wurdt troch de paus ferheft ta basilyk. Dêrmei ûnderstreket de paus de bysûndere arsjitektuer fan it gebou, de betsjutting dy't de tsjerke hat fanwege de beafeartreis fan Maria van Sevenwouden en de devoasje foar de sillige Titus Brandma. Dêrneist sprekt de paus syn wurdearring út foar it tsjerklik libben om de tsjerke hinne, lykas earmoedebestriding.
Bisschop De Korte hat yn 2015 de oanfraach foar de titel yntsjinne. Oan dy titel binne ekstra rjochten en plichten ferbûn. Sa mei de tsjerke it pauslike ynsynje brûke en komme der ekstra feestdagen.
Nederlân hat 25 basiliken, de basilyk yn Boalsert is de iennige yn it bisdom Grins-Ljouwert.