Froulju tige bliid mei titel, manlju foaral opluchte

10 feb 2017 - 14:22

De Nederlânske froulju binne tige bliid mei de winst op de ploege-efterfolging by de WK ôfstannen yn Súd-Koreä. Marrit Leenstra, Antoinette de Jong en Ireen Wüst rieden yn 2.55.85 in nij Nederlânsk rekôr en sieten mar krekt boppe it wrâldrekôr. "Wij zijn hier heel erg blij! Een fantastische rit en nieuw Nederlands record!", sei Ireen Wüst entûsjast nei ôfrin fan de wedstriid.

Ek Leenstra en De Jong binne út 'e skroeven mei de wrâldtitel. "Ik binne hjir tige grutsk op. Wy woene de Japanners hjir hiel graach ferslaan en dat is slagge. Wy hawwe in goede race sjen litten. Dat wy hjir wrâldkampioen wurden binne, dêr meie wy grutsk op wêze", seit De Jong.

Opluchting

Ek de manljusploech wûn goud, mar sy wiene minder tefreden oer de rit. It skeelde net folle, of Douwe de Vries, Jorrit Bergsma en Jan Blokhuijsen wienen de titel misrûn. Jan Blokhuijsen koe it tempo hast net byhâlde. It team wie dan ek foaral opluchte mei de wrâldtitel. "Dit wie fierstente spannend", seit De Vries. "De race gie oars as pland. Gelokkich koene wy op it ein noch wat korrizjearje, wêrtroch't de tiid krekt genôch wie foar de winst."

"Somtiden moatte je wat gelok hawwe", fertelt Bergsma. "Dan moatte je ymprovisearje en keihurd knokken bliuwe." De manlju hoopje út dizze wedstriid in les te learen, sadat it takom jier op de Spelen better giet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)