Fryske brânwacht wol tenei skjinner wurkje

De Fryske brânwachtminsken wurkje tenei in stik skjinner. As sy klear binne by in brân, wurdt al it roet der foardat sy yn de brânwachtauto stappe, safolle mooglik ôfspuite. De pakken wurde dêrnei ek gelyk omruile foar skjinne pakken en de smoarge wurde ophelle.
Alle brânwachtmanlju en -froulju krije dêrfoar ek in ekstra pak. Dit alles moat foarkomme dat de smoargens yn de kazerne komt of mei nei hûs naam wurdt. It giet om stoffen dy't kankerferwekkend binne. Under oare de arbeidsynspeksje hat hjir op oantrune.
Op de Ljouwerter kazerne ha se al in flinke waskmasine en drûger kocht foar dizze nije, skjinnere oanpak.